http://www.franekerstadsschoon.nl/

Doelstellingen Franeker Stadsschoon:

a. It meitsjen of (mei-)finansierjen fan in ynventarisaasje fan de mankeminten fan ien of mear gelyksoartige objekten, om hjirfoar better ynsicht yn de restauraasjekosten te krijen en dêrmei (mei-) finansiering troch trêden te befoarderjen;

b. It meitsjen of (mei-)finansierjen fan in sketsplan en/of in rûge kosteberekkening fan in te restaurearjen objekt om de útfiering te befoarderjen;

c. It bydragen yn de kosten fan it wer meitsjen of it needsaaklike fernijen fan in ûnderdiel fan in objekt fan algemien belang;

d. It bydragen yn de kosten fan in histoarysk ferantwurde opgnissing of ferbettering fan in restauraasjeplan, dy’t oars efterwege bliuwe soe;

e. It by gelegenheid útrikken fan in priis oan dejinge dy’t in wurdearbare restauraasje yn it ramt fan in beskermd steds- of doarpsgesicht útfierd/ útfiere litten hat.

f. It stimulearjen en/of bydragen in de kosten fan stúdzjes en ûndersiken nei histoaryske saken oangeande monumintale objekten;

g. Utjaan fan publikaasjes nei oanlieding fan sokke stúdzjes en ûndersiken, of bydragen yn de kosten dêrfan.

h. It dwaan fan alle fierdere hannelingen, dy’t mei de yn it Karbrief neamde doelstellingen, mei de romste bedoeling, ferban hâlde of dêr

befoarderlik foar wêze kinne.

Fêststeld yn de gearkomste fan it bestjoer fan de Stichting tot Behoud van het Franeker Stadsschoon d.d. 6 septimber 2011

Kontakt

Aginda

Doelstelling

Nijs

Hiemside

Betingsten foar oanfreegjen

Startpagina

<

>

FR Nieuws
Startpagina

Argyf